Tydskrift
Derby wolle wy de lêzers ynformaasje jaan oer tema’s dy’t te krijen hawwe mei it grutbringen fan bern. It tydskrift heit&mem ferskynt 2 kear jiers yn in oplage fan 40.000 eksimplaren en wurdt rûnom yn Fryslân ferspraat op mear as 700 plakken, ûnder oaren by bibleteken, sikehûzen, basiskoallen en bernedeiferbliuwen.
Ferskiningdata heit&mem 2021:
Nr. 1 : 11 juny 2021
Nr. 2 : 12 novimber 2021
Sjoch hjir foar de ferspriedingslist.
It nijste nûmer is hjir online te bestellen. Jo betelje dan allinne de ferstjoerskosten.
Klik op ûndersteane ôfbyldings om it tydskrift te besjen.
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
|
![]() |
![]() |
|
De Lytse heit&mem
De Lytse heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 8000 eksimplaren fia it Taalkado. It Taalkado is in kadootsje fan de provinsje Fryslân foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte, en hat ta doel om harren te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje, en om it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder te stimulearjen. De Lytse heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei jonge bern (0-2 jier) yn Fryslân. Wy meitsje de website én it tydskrift foar jimme én mei jimme. Ha jim tips, ideeen of fragen, wy hearre it graach! Mail nei ynfo@heitenmem.bwhontwerpers.nl
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
![]() |
![]() |
|